Sykaksje Iselmar ôfskaald

It KLPD hâldt op mei it yntinsyf sykjen nei de 47-jierrige man út Zevenbergen dy't sûnt ferline wike woansdei fermist wurdt op de Iselmar. De man wie tegearre mei noch in oare man oan board fan in lyts wurkskip dat ferline wike sonk.
Fuortendaliks nei de melding is in sykaksje op tou set. Ferline wike tongersdei is it lichem fan in 48-jierrige ynwenner fan Teksel fûn. Yn de dagen dêrnei is hieltyd socht nei de man út Zevenbergen, mar oant no ta sûnder resultaat. De plysje hâldt noch wol it wetteroerflak yn de gaten.