Snitser mei falske identiteitspapieren oanhâlden

07 mrt 2015 - 11:37

In 65-jierrige Snitser is freedtemiddei oanhâlden om't de man fertocht wurdt fan it ferfalskjen fan identiteitspapieren. De man woe jild opnimme by in bank, mar dy fertroude de papieren fan de man net.

De plysje waard belle. Dy hat de man meinaam nei it plysjeburo. De papieren wurde ûndersocht.

Trefwurden: 
falsk identiteitspapieren
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)