Ynbrekker út Almere arrestearre yn Oerterp

07 mrt 2015 - 10:39

De plysje hat freedtejûn yn Oerterp in 40-jierrige ynbrekker út Almere oanhâlden. De man waard op de Ikewei oan de kant set foar in kontrôle. Bliken die dat de man ynbrekkersark yn de auto hie. Dêrneist hie er ek noch oar guod by him dêr't út bliken die dat er ynbrekke woe. It guod is yn beslach naam.

De man hie gjin rydbewiis. Hy is meinaam nei it plysjeburo en sit fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
ynbrekker Oerterp Almere
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)