CDA sjocht leaver sinnepanielen as wynmûnen

Fryslân moat syn opjefte fan duorsume enerzjy opwekke mei sinnepanielen. De wynmûneplannen kinne dan skrast wurde. Dat sei CDA-listlûker Sander de Rouwe freed by de offisjele iepening fan de CDA-kampanje yn Boalsert. Hy fynt dat de provinsje yn de slach moat mei it Ryk om dat te regeljen.
VVD-foaroanman Halbe Zijlstra sei earder op It Hearrenfean dat Fryslân de ôfspraken oer de produksje fan duorsume enerzjy net hoecht op te wekken mei wynmûnen allinnich. Neffens De Rouwe moat dat dan ek gau offisjeel fêstlein wurde.
Hy wol der dan ek wurk fan meitsje dat mûnen dy't no foar oerlêst soargje opromme wurde kinne. Op dat plak moat dan romte komme foar sinnepanielen.