Start bou tunnel foar hynder en wein ûnder N381 troch

Deputearre Sietske Poepjes (rjochts op de wein) by de start fan de tunnelbou © Provinsje Fryslân
Bij Easterwâlde is freedtemiddei offisjeel begûn mei in nij ûnderdiel fan de nije N381. It giet om it stik dyk tusken Fenekoaten-Easterwâlde en de Drintske grins. Bysûnder oan it trajekt is dat der twa hynder-en-wein-tunnels komme. Yn it gebiet wurde geregeld tochten mei sokke hyndermenweinen makke. De tunnels binne belangryk mei it each op it toerisme.
It wurk oan de nije N381 Drachten-Appelskea moat ein dit jier foar it grutste part klear wêze.