Sint Nyk krijt WhatsApp-groepen foar de feiligens

06 mrt 2015 - 16:41

Sint Nyk krijt WhatsApp-groepen om it doarp feiliger te meitsjen. Dat hawwe de wurkgroep Veiliger Sint Nyk, de gemeente De Fryske Marren en de plysje besletten.

Mei de whatsapp-groepen kinne ynwenners fan it doarp op 'e tiid op de hichte brocht wurde as der wat oan 'e hân is by harren yn de buert. Oer twa wiken is der in ynformaasjegearkomste yn it doarp oer it WhatsApp-projekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)