Duarte werom; Larsson en Van den Berg noch fraachteken

06 mrt 2015 - 13:28

De kâns is grut dat Sam Larsson en Joey van den Berg sneon yn de wedstriid tsjin Ado Den Haach wer meidwaan kinne. Neffens trainer Lodeweges is it noch net wis, mar beide spilers ha wol meitraind en lykje fit genôch.

Lerin Duarte is wol hielendal hersteld fan in hamstringblessuere. Marten de Roon komt werom fan in skorsing. Jerry St. Juste sit troch in blessuere net by de seleksje. Ek Doke Schmidt kin troch in ankelblessuere wierskynlik net meidwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)