Politika's stekke de koppen byinoar foar Frouljusdei

Yn Ljouwert kamen freedtemoarn politike 'power'-froulju byelkoar foar it jierlikse moarnsbrochje foar Ynternasjonale Frouljusdei op 8 maart. Dêr waard praat oer ûnderwerpen dy't gewoanwei ek op de politike aginda stean, lykas megastâlen en Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018.
Neffens de inisjatyfnimsters is de sfear op it frouljusdeibrochje in stik ûntspannener mei allinnich froulju yn de seal.