Bisten yn Wilhelminapark Grou krije nije hokken

De bisten yn it Wilhelminapark yn Grou krije in nij plak. Mei in bydrage fan 65.000 euro út it Ljouwerter mienskipsfûns kin nije gebouwen delset wurde. De âlde binne der min oan ta. Sa stiet yn it geiteferbliuw in swiere balke om it dak oerein te hâlden.
De stichting Wilhelminapark wol de rest fan it park ek opknappe. Sa moat it better tagonklik wurde foar de bewenners fan fersoargingstehûs Friesma State yn it doarp. It stribjen is it park foar de hjerst wer klear te hawwen.