Amsterdammer (18) oppakt mei kokaïne en boksbeugel
In 18-jierrige Amsterdammer is yn de nacht fan tongersdei op freed oppakt foar it yn besit hawwen fan harddrugs. Portiers fan in hoarekagelegenheid oan it Ruterskertier yn Ljouwert hiene it idee dat de fertochte drugs by him hie. Yn syn jas waard njonken in boksbeugel ek in wikkel kokaïne fûn.
De man is oanhâlden en fêstset. De drugs en it wapen binne yn beslach naam.