Soccerdome fjochtet fierder foar fergunning

06 mrt 2015 - 11:52

De inisjatyfnimmers fan sportsintrum Soccerdome litte it der net by sitte no't de gemeente Hearrenfean gjin fergunning jout. In gong nei de rjochter slute se net út. It sportsintrum hie in fergunning oanfrege foar it oanbieden fan sportfasiliteiten op in bedriuwe- en yndustryterrein oan de Venusstrjitte op It Hearrenfean. Neffens de gemeente past dat net yn it bestimmingsplan.

It oerdutsen fuotbalpark is sûnt ferline jier novimber iepen, mar hat noch gjin fergunning. De gemeente fynt dat Soccerdome plak sykje moat by Sportstêd.

Trefwurden: 
It Hearrenfean Soccerdome
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)