Kontrôle op te hurd riden by Sweins nei klachten
By kontrôle op te hurd riden op de Ryksstrjitte yn Sweins binne twa automobilisten warskôge, en is ien bestjoerder syn rydbewiis kwytrekke. De kontrôle waard dien nei oanlieding fan klachten fan omwenners. Der mei maksimaal 80 kilometer yn de oere riden wurde. Twa bestjoerders rieden úteinlik mei 94 en 96 kilometer yn de oere te hurd. Sy krigen in warskôging.
In oare bestjoerder kaam der net mei in wârskôging foar wei. Hy moest mei 139 kilometer yn de oere syn rydbewiis ynleverje.