Tûzen forellen útset yn Lauwersmar

06 mrt 2015 - 11:25

Yn 'e Lauwersmar binne freed tûzen forellen útset. De fisk moat him de kommende jierren ferspriede oer Fryslân, Grinslân en Drinte. Eartiids wie de fisksoart hjir ek te finen, mar troch slûzen en oare oanpassings oan it wetter is er ferdwûn. Oanpassings oan marren, beken en rivieren moat derfoar soargje dat de seeforel in frije rûte kriget troch de trije provinsjes.

De seeforel is net allinnich foar de natuer in oanwinst, hy moat ek sportfiskers oanlûke. Dy gean no faak nei Denemarken om te forel-angeljen.

Trefwurden: 
Lauwersmar forel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)