Mishanneling yn sintrum fan Ljouwert
In 30-jierrige Ljouwerter is yn de nacht fan tongersdei op freed oanhâlden foar mishanneling. De man krige yn de Grutte Heechstrjitte (Grote Hoogstraat) spul mei in 23-jierrige Grinzer, wêrnei't er it slachtoffer sloech.
Tsjin de Ljouwerter is proses-ferbaal opmakke. It slachtoffer hat oanjefte dien.