Boekwinkels klear foar Boekewike

De Fryske boekwinkels binne hielendal klear foar de 80e Boekewike. Sneon set de jierlikse wike fan it boek wer útein. Tema is dit jier 'Waanzin' en 'Te gek foar wurden'. Fryslân telt yn ferhâlding de measte boekwinkels fan Nederlân. Dy boekwinkels sette ek dit jier wer ekstra yn op de Boekewike.
Minsken dy't dizze wike in boek keapje krije dêr fergees it boek 'De zomer hou je ook niet tegen' fan Dimitri Verhulst by.