Sven Kramer makket twa dagen foar WK allround smak op it iis

05 mrt 2015 - 21:58

Sven Kramer is tongersdei by in training, twa dagen foar it WK allround, útgliden op it iis yn it Kanadeeske Calgary. Sneon begjinne dêr de wrâldkampioenskippen allround. Kramer heakke troch drokte op de baan yn de kessens. Hy hat lêst fan syn linkerheup, mar giet der fanút dat de pine gau sakje sil.

Foarige moanne foel Kramer yn oanrin nei de WK ôfstannen op It Hearrenfean ek al, mar dat hie gjin ynfloed op syn prestaasjes op it iis. Hy pakte doe goud op de 5000 meter. As Sven dit WK allround wint, dan wurdt it syn sânde wrâldtitel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)