Provinsje pompt miljoenen euro's yn Fryske wenningmerk

05 mrt 2015 - 19:45

De provinsje hat de ôfrûne tiid in lytse 20 miljoen euro stutsen yn de Fryske wenningmerk. Mei-inoar is der 60 miljoen beskikber om de Fryske bousektor út de problemen te heljen, dy't dêr troch de krisis yn sit.

Boubedriuwen en projektûntwikkelers kinne subsydzje oanfreegje om bepaalde projekten fan de grûn te krijen. De sektor hat der sels yntusken goed 130 miljoen ynstutsen. De subsydzjeregeling rint sûnt oardel jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)