'De Fûke' sneon op tv as earbetoan oan Rense Westra

Omrop Fryslân sil op sneon 7 maart spylfilm 'De Fûke' fan Steven de Jong útstjoere. De omrop docht dit as earbetoan oan akteur Rense Westra, dy't sneon te hôf brocht wurdt.
'De Fûke' is in Fryske oarlochsfilm út it jier 2000 nei it boek mei deselde titel fan Rink van der Velde. Steven de Jong en Rink van der Velde skreaune tegearre it senario foar de film en heakken der ûnder it skriuwen ek noch in elemint oan ta: de hûn Bijke. Rense Westra spile de haadrol en rekkene dit sels ta ien fan syn bêste rollen.
De Fûke duorret 90 minuten en wurdt om de twa oeren útstjoerd om 18.20 oere, 20.20 oere, 22.20 oere ensfh.