Fryslân krijt Alvestêdekuierpaad yn 2017

Kuierje © Omrop Fryslân
Fryslân krijt in Alvestêdekuierpad. It wurdt ûnderdiel fan in folle grutter kuier-knooppunte-netwurk troch hiel Fryslân. En dat wurdt wer ûnderdiel fan it grutte toeristyske netwurk dat him rjochtet op farren, fytsen en kuierjen. It Alvestêdekuierpaad moat yn 2017 klear wêze om oer te kuierjen.
It kuierpaad wurdt oanlein yn opdracht fan de provinsje.