Plysje siket dieders mishanneling op It Hearrenfean

© Omrop Fryslân
De plysje siket de dieders fan in gefal fan earnstige mishanneling op It Hearrenfean. Dêr waard yn de nacht fan 21 op 22 febrewaris in ynwenner fan dat plak oanfallen troch twa oant trije ûnbekende manlju. It slachtoffer rûn dêrby ferskate ferwûnings op.
De dieders naaiden nei harren die út. De plysje hopet no op help fan it publyk by it finen fan de manlju. Wa't wat sjoen hat of wat ôfwyt fan it ynsidint wurdt fersocht om mei de plysje te beljen. Dat kin ek anonym.