Haadrol foar Derek de Lint yn ferfilming 'De Smearlappen'

It romrofte boek 'De Smearlappen' fan Anne Wadman wurdt ferfilme. It giet foarearst om in pilot fan it earste part fan it boek, dy't yn novimber yn premjêre giet op Noardlik Filmfestival. De lanlik bekende akteur Derek de Lint sil ien fan de haadrollen spylje, Limboarger Elbe Stevens is de produsint. Fierders wurkje der in protte Fryske partijen mei oan de ferfilming, lykas Tryater, Omrop Fryslân, Tresoar, de NHL en it Friesland College.
As de finansiering rûnkomt moat de folsleine film ein 2017 klear wêze.
De roman 'De Smearlappen' fersoarsake by it ferskinen yn 1963 in protte opskuor, om't der iepenlik yn oer seks skreaun waard. Derek de Lint is tongersdeitejûn te gast yn Bynt.