Plysje faak te let op Waadeilannen

05 mrt 2015 - 10:37

De plysje komt faak te let by meldings op de Waadeilannen. Op It Amelân helje se sels mar yn 35 persint fan de gefallen de noarm fan binnen in kertier te plak wêze. Ek op de oare eilannen binne se yn minder dan de helte fan 'e gefallen op tiid. Dat docht bliken út sifers fan de plysje.

Op de Fryske fêste wâl giet it wat better, mar ek dêr foldocht de plysje faak net oan de noarm. Offisjeel moat de plysje yn elts gefal by 85 persint fan de oproppen binnen in kertier te plak wêze. Allinnich Smellingerlân foldocht oan dy noarm.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)