Biltdiken bliuwe beskerme doarpsgesicht

Biltdiken © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De Biltdiken hâldt syn status fan beskerme doarpsgesicht. Dat die woansdei bliken op de riedsgearkomste fan de gemeente It Bilt. De gemeente makket gjin beswier tsjin de oanwizing troch de minister. Leendert Ferwerda fan Frije Bilkerts en twa riedsleden fan de VVD hiene wol beswier meitsje wollen. It wol as net tawizen fan de Biltdiken as beskerme doarpsgesicht wie it ôfrûne jier al twa kear earder ûnderwerp fan diskusje yn de gemeente.
Yn 2010 waard der noch unanym tsjin stimd.