Fuotbalklup LSC 1890 út Snits jubilearret

Fuotbalklup LSC 1890 út Snits fiert fan woansdei ôf syn 125ste jierdei. It hiele jier sille der allegear festiviteiten wêze, lykas fuotbaltoernoaien, in feestjûn en mooglik noch oefenwedstriden tsjin betelle fuotbalklups.
Boargemaster Hayo Apotheker joech woansdei it startskot fan it jubileumjier troch in spesjale jubileumflagge te ûntbleatsjen. LSC 1890 krige fan de gemeente Súdwest-Fryslân ek in sjek fan 500 euro.
Boppedat binne de gemeente en de fuotbalklup yn goed oerlis oer de akkommodaasje fan de Snitsers. Se wolle der graach in keunstgersfjild by hawwe en ek de klaaikeamers binne oan in opknapbeurt ta.
Woansdeitejûn wie der in byienkomst mei alle leden en alle âld-leden. Wytze Couperus is ien fan harren. Hy begûn syn fuotbalkarriêre by LSC en spile letter ien ynterlân foar it Nederlânsk alvetal. Hy is de iennichste spiler yn 'e histoarje fan LSC 1890 dy't Oranje helle hat.