Jubileum foar keepster Loes Geurts

04 mrt 2015 - 19:45

Loes Geurts spile woansdei har 100ste ynterlân foar it Nederlânsk frouljusfuotbalteam. De keepster fan Hichtum stie yn de oefenwedstriid tsjin Australië op goal. Yn 2005 makke Geurts har debút by de fuotbalfroulju. De oefenwedstriid tsjin Australië, dy't mei 1-0 ferlern gie, waard op Syprus spile. De Nederlânske fuotbalfroulju riede harren dêr ta op it wrâldkampioenskip dat fan 't simmer yn Kanada spile wurdt.

Geurts is net de iennichste Friezinne by it Nederlânsk alvetal, ek Sherida Spitse út Snits sit by de seleksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)