Ien ferwûne by ûngelok op Suderseewei
By in botsing tusken twa auto's op de N359 is ien persoan ferwûne rekke. It slachtoffer is per ambulânse nei it sikehûs brocht. It ûngelok barde tusken Balk en De Lemmer.
Troch de botsing is de Suderseewei tydlik ôfsletten.