"Film De Fûke wie hichtepunt fan Rense Westra"

04 mrt 2015 - 19:27

De film De Fûke wie foar Rense Westra it absolute hichtepunt yn syn karriêre. Dat sei Westra in pear dagen foar syn ferstjerren tsjin regisseur en freon Steven de Jong.

De regisseur wurke 20 jier mei de ynwenner fan Warten en yn dy tiid ûnstie tusken de twa in freonskip foar it libben. Oant syn dea hâlde Rense Westra syn bekende humor. Lyk as it lûken fan gekke bekken by it ynnimmen fan medisinen, sa seit De Jong. Hy brocht de lêste wike in protte tiid troch by Westra yn it sikehûs.

Freedtejûn is der yn Warten gelegenheid ta skriftlik roubeklach. Sneontemiddei is de ôfskiedstsjinst yn de grifformearde tsjerke fan Warten. Fanwege de ferwachte, grutte belangstelling kin de tsjinst ek op in grut skerm folge wurde yn in pleatslik kafee-restaurant.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)