Dantumadiel telt ferkiezingsstimmen sintraal

04 mrt 2015 - 15:59

Dantumadiel docht by de Steateferkiezings as iennichste Fryske gemeente mei oan in lanlik eksperimint mei it sintraal tellen fan de stimmen. Dat betsjut dat yn de stimburo's earst allinnich de stimmen foar de partijen teld wurde. Pas in dei letter wurde dan op ien sintraal plak de stimmen per kandidaat teld.

Sa kin de gemeente op de ferkiezingsjûn flugger in foarlopige útslach bekendmeitsje. Ek soe dizze wize fan tellen soargje moatte foar minder flaters, om't de oare deis mei frisse, nije minsken nei de stimmen sjoen wurdt.

Mei elkoar meie yn hiel Nederlân 25 gemeenten meidwaan oan it eksperimint. Ek gemeente It Hearrenfean docht mei oan dit eksperimint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)