Jagers meie pauguozzen ôfsjitte

04 mrt 2015 - 15:26

Jagers mei fan dizze wike ôf it fjild yn om pauguozzen ôf te sjitten. It is foar it earst dat jagers op dizze soart sjitte meie. De paugoes (brandgans) nimt de lêste tiid fluch yn oantal ta. Fan maart oant en mei maaie binne noch wol spesjale gebieten dêr't de pauguozzen net sketten wurde mei. Dêr hawwe se rjocht op rêst en meie se ite.

De Europeeske guozzepopulaasje is beskerme, mar de skea en de oerlêst nimme ta. Troch no op de guozzen te jeien, hoopje boeren en de provinsje dat de skea oan it jonge gers beheind wurdt.

Trefwurden: 
jager pauguozzen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)