Tsien jier sel easke yn heger berop saak Eker

04 mrt 2015 - 15:02

Tsjin de twa fertochten fan de moard op Henk Eker yn Easterwâlde binne yn heger berop finzenisstraffen easke fan 10 jier. Earder hie de rjochtbank 12 jier sel easke. De twa fertochten, fan 28 en 33 jier, waarden frijsprutsen, om't der te min bewiis wie. Beide manlju ûntkenne ek by it gerjochtshôf dat sy sketten hawwe op Eker.

Henk Eker waard op 9 jannewaris 2013 delsketten, om in mislearre drugsdeal. De haadfertochte jout wol dat hy der by wie, doe't sketten waard.

De advokaat generaal fynt dat in lange selstraf op syn plak is, om't de ynwenners fan Easterwâlde skokt binne troch de moard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)