Ofspraken oer ôffier skealike stoffen fan boerehiem

© ANP
Wetterskip Fryslân en de agraryske belangeorganisaasjes tekenje nije wike tiisdei in konvenant mei binende ôfspraken oer de ôffier fan skealike stoffen fan boerehiemen. De ôfspraken moatte tenei foarkomme dat de stoffen noch langer yn it oerflaktewetter komme. Sa wurde melkfeehâlders stimulearre om harren hiem better yn te rjochtsjen, bygelyks mei de opslach fan fretten en dong en de opfang fan ôffalwetter.
It konvenant is nedich om't it oerflaktewetter net foldocht oan de Europeeske kwaliteitseasken. Dat moat binnen seis jier wol sa wêze.