Nije cao foar sikehûsmeiwurkers

04 mrt 2015 - 14:04

Sikehûsmeiwurkers krije in nije cao. Dat binne de fakbûnen en de wurkjouwers nei mear as in jier ûnderhanneljen oerienkaam. De 190.000 meiwurkers krije in leansferheging fan 1,5 prosint en twa kear in útkearing.

Ferline wike waarden noch aksjes hâlden yn de sikehûzen yn Snits en Ljouwert. De nije cao, dy't rint oant jannewaris 2017, moat noch wol foarlein wurde oan de leden.

Trefwurden: 
CAO sikehûs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)