Nije oplieding ta ûnderwiis-assistint by Friese Poort

04 mrt 2015 - 12:32

De Friese Poort yn Ljouwert krijt in nije oplieding ta ûnderwiis-assistint. De oplieding moat in heger nivo krije en studinten sille mear praktykûnderfining opdwaan. It inisjatyf foar de oplieding komt by Fryske learkrêften wei.

Der komme hieltyd mear learlingen op gewoane basisskoallen, dy't oars nei it spesjaal ûnderwiis gean soene. Hjirtroch is de druk op de learkrêften bot tanommen. Underwiis-assistinten soene de learkrêften ûntlêste kinne, mar moatte hjirfoar wol better oplaat wurde.

De kristlike basisskoallen de Reinbôge út Burgum en Alpha út Ryptsjerk dogge mei de Friese Poort in pilot. Uteinlik moat dit resultearje yn in nije oplieding. It stribjen is dat dy fan 2016 ôf oanbean wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)