Frjentsjerter wol mei falsk jild betelje

04 mrt 2015 - 11:41

Yn Snits hat de plysje tiisdeitemoarn in 19-jierrige Frjentsjerter oanhâlden op fertinking fan it beteljen mei falsk jild. De man woe mei in biljet fan 50 euro snobbersguod keapje by in winkel oan it Schaapmarktplein. De meiwurker warskôge de plysje om't dy tocht dat it net echt jild wie. De plysje hat de man meinaam nei it buro. In moanne lyn is de man ek al oanhâlden doe't er mei falsk jild betelje woe.

Trefwurden: 
Snits plysje falsk jild
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)