Brederostrjitte yn Ljouwert ôfset om agressive man

Yn Ljouwert hat de plysje woansdeitemoarn de Brederostrjitte ôfsletten fanwegen in agressive man dy't yn de war is. De man, in bekende fan de plysje, hat earder op de moarn autobannen lekstutsen en ferskûlet him no yn syn hûs. Hy hat de plysje bedrige en sein dat er mei in mes stekke sil as se it hûs ynkomme. De man hat ek in gefaarlike hûn by him en hat ferskate stekmessen.
De plysje is manmachtich oanwêzich en besiket mei ûnderhannelers de man út it hûs te praten. De man hat faker oerlêst feroarsake. De plysje hat jiskepûden út hûs helle.
De man skynt him opsletten te hawwen yn de sliepkeamer en de doar barrikadearre te hawwen. De plysje meldt dat it kontakt mei de man dreech ferrint.