Rense Westra wurdt sneon te hôf brocht

04 mrt 2015 - 10:28

Rense Westra wurdt sneon yn Warten te hôf brocht. Foarôfgeand wurdt fan healwei twaen ôf syn libben betocht yn de grifformearde tsjerke. Foar de tsjinst en op freedtejûn is tiid foar skriftlik roubeklach. De famylje lit witte dat eltsenien dy't ôfskied nimme wol fan Westra, op freed en sneon wolkom is.

Moandei is de akteur ferstoarn. Hy spile yn tal fan films en hie de rol fan Beant Baas yn de searje Baas boppe baas.

Trefwurden: 
akteur Warten Rense Westra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)