Jong dieveduo yn Ljouwert oanhâlden

04 mrt 2015 - 10:13

Yn Ljouwert hat de plysje moandeitejûn twa jonge dieven oanhâlden nei't se yn in hûs oan de Leeuwerikstrjitte ynbrutsen hienen. Buertbewenners bellen de plysje oer de ynbraak. De plysje seach twa jonges by it hûs fuortdraven en koe ien fan har, in jonge fan 17 út Wurdum, benei komme. Letter koe de plysje de twadde dief, in Ljouwerter fan 16 jier, yn syn hûs oanhâlde.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje ynbraak
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)