Trije brêgen yn Wergea opknapt foar 1,3 miljoen euro

De gemeente Ljouwert stekt 1,3 miljoen yn it opknappen fan trije brêgen yn Wergea. De brêgen binne bot fertutearze en benammen de grutte brêge yn in sintrum is der sa min oan ta dat it gefaarlik is. De brêge yn in sintrum bliuwt beweechber. Lange tiid wie der sprake fan dat it in fêste brêge wurde soe. It doarp wie der lykwols bot op tsjin om't der dan gjin boatsjes mear yn it doarp komme kinne.
De gemeente kiest derom no foar in beweechbere brêge. It wurk duorret sa'n fjouwer wike en it giet nei de simmer los.