Wer strjitrôf yn Ljouwert: tas stellen

03 mrt 2015 - 19:23

Yn de Bagijnesteech yn Ljouwert hat tiisdeitemiddei in berôving plakfûn. De 62-jierrige frou út Ljouwert fytste by in groep jongeren del. Ien fan har draafde achter har oan en pakte de tas út de fytskoer. De frou foel en rekke ferwûne. De dieder en de oare jonges naaiden út. De plysje sette fuort in boargernetaksje op, mar dat smiet neat op.

De dief, in blanke jonge mei ljocht hier, hie in blauwe jas oan. De plysje docht fierder ûndersyk. Yn Ljouwert ha de lêste tiid al mear as 20 strjitrôven west. Tsjûgen kinne de plysje belje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)