"Rense Westra koe fluch skeakelje"

03 mrt 2015 - 16:36

Ek de dei nei it ferstjerren fan akteur Rense Westra steane minsken dy't mei him wurke ha, stil by syn dea. It byld komt nei foaren fan in tige talintearre akteur mei in persoanlik libben fol fertriet. Fertriet dat er safolle mooglik foar him hâlde woe, mar dat slagge net altyd.

Neffens regisseur Hotze Karsten fan Mantgum koe hy nei djip depressyf te wêzen ek sa omskeakelje en in top-akteerprestaasje delsette. Karsten hat mear as tweintich jier mei Westra oan ferskate stikken wurke.

Trefwurden: 
akteur ferstoarn Rense Westra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)