Advys: reizgje oer Dokkum nei It Amelân

03 mrt 2015 - 16:30

Minsken dy't nei It Amelân wolle, moatte de kommende moannen rekken hâlde mei ekstra reistiid. Der wurdt dan oan de dyk wurke tusken Hallum en Holwert. Yn de ried fan It Amelân meitsje se har der soargen oer, omdat it wurk krekt yn de tiid is dat der de measte toeristen nei It Amelân reizgje.

Neffens de gemeente hat der yn it foar gjin oerlis west mei de provinsje, dy't it wurk útfiere lit. Dat sil noch wol. Reizgers wurdt oanret om oer Dokkum te riden.

Der binne mear ferkearssoargen op It Amelân: Sûnt de oanlis fan de Heak om Ljouwert wurdt der op de ferkearsbuorden net mear nei It Amelân ferwiisd. Earder koene autobestjoerders wol sjen hoe't se riden moasten om by de fearboat te kommen. Mar no is sawol oer Drachten as oer It Hearrenfean net mear te sjen hoe't je op It Amelân komme moatte. Wethâlder Oud fan It Amelân hat hjir yntusken al kontakt oer opnaam mei de Nationale Bewegwijzeringsdienst.

Trefwurden: 
It Amelân Holwert Hallum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)