Van de Streek langer by SC Cambuur, Sinan Bytyqi útskeakele

03 mrt 2015 - 15:01

SC Cambuur hat Sander van de Streek foar langere tiid fêstlein. De 21-jierrige middenfjilder hat tiisdei syn hantekening set ûnder in kontrakt dat him oant de simmer fan 2018 yn Ljouwert hâlde moat. Van de Streek kaam ferline jier oer fan Vitesse, dêr't er yn it belofteteam spile.

De dynamyske middenfjilder út Barneveld bruts dit seizoen troch yn it giel-blau fan de Ljouwerters. Van de Streek makke oant no ta seis goals yn 21 kompetysjewedstriden. Ofrûne sneon makke de middenfjilder noch de winnende goal tsjin Heracles Almelo (1-0).

Der is ek minder posityf nijs fan it Cambuurfront: De Ljouwerter earedivyzjeklup kin dit seizoen gjin berop mear dwaan op Sinan Bytyqi. Dy hat yn it duel tsjin Heracles Almelo fan ôfrûne wykein syn foarste krúsbân fan de knibbel ôfskuord. Cambuur hiert Bytyqi fan Manchester City. Hy waard yn de winterstop binnenhelle, neidat Albert Rusnák fuortgien wie nei FC Grins.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)