Trio út Bûtenpost oanhâlden foar stellerij en drugs

03 mrt 2015 - 14:21

De plysje hat moandei trije ynwenners fan Bûtenpost oanhâlden foar stellerij en drugsbesit. It giet om twa manlju fan 25 en 26 jier en in frou fan 19. It trio is by de plysje bekend fanwege harren drugsgebrûk. Se kamen yn byld by in plysje-ûndersyk nei in rige stellerijen fan allerhanne ark út skuorren yn Noardeast-Fryslân. Yn de wenning fan it trio waard in grut part fan it stellen ark werom fûn.

Ek fûn de plysje speed en GHB en guod om GHB fan te meitsjen. Alles is yn beslach naam. It stellen guod giet werom nei de eigeners.

De manlju sitte noch fêst. De frou is frijlitten nei't proses-ferbaal tsjin har opmakke wie.

Trefwurden: 
drugs stellerij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)