Bou glêzen paviljoen park Vijversburg útein set

03 mrt 2015 - 12:05

Yn park Vijversburg yn Tytsjerk is tiisdei útein set mei it pleatsen fan 77 glêspanielen foar it nij te bouwen paviljoen. It glêzen paviljoen komt oan de renovearre filla en is ûntwurpen troch arsjitekte Marieke Kums út Rotterdam en ferskate Japanske arsjitekten.

It is in spannend projekt omdat de glêspanielen eksklusyf yn Sina makke binne. As der ien falt, rint it hiele bouprojekt gelyk fertraging op. It paviljoen wurdt boud as lokaasje foar eksposysjes en konserten. Doel is dat it nije Vijversburg yn septimber 2015 feestlik iepene wurdt.

It paviljoen wurdt it grutste glêzen paviljoen fan Nederlân.

Trefwurden: 
Vijversburg paviljoen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)