Thomas Azier wint Edison yn kategory Alternative

03 mrt 2015 - 10:57

Thomas Azier hat moandeitejûn in Edison wûn. De fan oarsprong Fryske artyst wûn de wichtichste Nederlânske muzykpriis yn de kategory Alternative foar syn album Hylas. De 27-jierrige Azier komt fan Nijeberkeap, mar wennet tsjintwurdich yn Berlyn.

Azier studearre oan de Academie voor Popcultuur yn Ljouwert.

Ien fan de nûmers fan it album Hylas.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)