Gemeente Ljouwert begjint mei ferjeien roeken Nijlân

03 mrt 2015 - 10:33

De gemeente Ljouwert is tiisdeitemoarn betiid begûn mei it ferjeien fan roeken út de wenwyk Nijlân. De roekekoloanje dêr soarget ek dit jier wer foar lûds- en strontoerlêst. Jagers besykje trije kear deis de fûgels út de beammen te krijen mei spesjale knalpistoalen. It ferjeien duorret op syn meast seis wiken. De gemeente hat bewenners fan de aksje op 'e hichte brocht.

Ferline jier waarden yn Nijlân 65 nêsten mei roeken oantroffen. It tal nimt alle jierren ta.

Trefwurden: 
Nijlân roek ferjeie fuortjeie
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)