Live ferslach: dei 2 fan rjochtsaak tsjin gangsterduo

03 mrt 2015 - 10:06

Yn de rjochtbank fan Assen is tiisdei de twadde dei fan de rjochtsaak tsjin it gangsterduo Antonio van der P. fan De Harkema en syn freondinne Enise B. It duo wurdt fertocht fan in rôftocht yn it noarden en it easten fan Nederlân, mei ôfparsing, bedriging, stellerij mei geweld, besykjen ta deaslach en moard. Se waarden nei in klopjacht oppakt yn Dútslân. Yn de media waard it duo al gau de Nederlânske Bonnie en Clyde neamd.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust folget de saak de hiele dei en docht ferslach live op Twitter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)