Kreamsoarch Isis set kreamdossiers online

Lytse poppe © ANP XTRA
Kreamsoarchorganisaasje Isis set tenei de kreamdossiers op ynternet. Alden kinne sa sels online byhâlde wat mei de swangerskip en kreamtiid te krijen hat. Dan giet it bygelyks om ôfspraken mei de ferloskundige of gynekolooch. En as de befalling west hat, kin der fan alles ynset wurde oer hoe't de earste dagen fan de poppe ferrinne.
In belangrike reden foar Isis is dat kreamfersoargers sa minder tiid kwyt binne oan papierwurk en mear echt fersoargje kinne. Isis garandearret dat alles fertroulik ferwurke wurde kin op ynternet.