Berne-opfang set app yn om âlden te ynformearjen

02 mrt 2015 - 17:17

Alden by't har bern op de opfang hawwe by berne-opfang Sinne kinne mei in spesjale app fan alles regelje. Se kinne opfang reservearje, gegevens oanpasse en rekkens besjen. Dêrnjonken kinne se ek de ûntwikkeling fan it bern folgje yn in foto-album en in skriftke dêr't de fersoargers fan de bern yn byhâlde wat der troch de dei hinne allegearre bart.

Berne-opfang Sinne rint yn Fryslân foarop mei de nije app. Foar de meiwurkers fan de opfang betsjut it dat se minder tiid kwyt binne oan papierwurk.

Trefwurden: 
app berne-opfang Sinne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)