Achttûzen bern priuwe yn Smaakparadijs

02 mrt 2015 - 16:56

It Smaakparadijs yn it Natuermuseum Friesland yn Ljouwert hat de ôfrûne twa wiken achttûzen besikers lutsen. De útstalling wie rjochte op bern. Dy koene yn de kunde komme mei de basissmaken swiet, soer, sâlt en bitter, en ek mei âlde en nije smaken. Ien fan de populêrste ûnderdielen wie it priuwen fan ynsekten.

De iepening fan it Smaakparadijs wie goed trije wiken lyn. It wie de offisjele úteinsetter fan Ljouwert, Haadstêd fan de Smaak.

Dit jier hat de stêd omtinken foar earlik en lekker iten. Der binne allerhanne eveneminten wêrby't regioprodukten sintraal stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)